Sikehûs easket 100.000 euro

14 aug 2003 - 00:00

Sikehûs De Tjongerschans op it Fean easket 100.000 euro werom fan de gemeente Hearrenfean. It sikehûs moast de lêste wiken twa fulltime brânwachten ynsette om't neffens de gemeente it nije bêdehûs net brânfeilich wêze soe. Alle keamerdoarren moatte brânwearend makke wurde. No binne allinnich de ôfdielingsdoarren brânwearend.

It koart pleit dat it sikehûs oanspand hie, is fan de baan om't bedriuwshelp- ferlieners de patrûljes oernimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)