Sikehûs Dokkum wer Sionsberg

07 nov 2007 - 16:44

It Dokkumer sikehûs hjit fan woansdei ôf wer 'De Sionsberg'. Tsien jier lyn ûntstie de namme Talma Sionsberg nei in fúzje mei it Talma Hûs. No giet de soarchgroep dêr't it sikehûs ûnder falt yn in oare opset fierder.

It ferpleechhûs by de Sionsberg wurdt in aparte bv mei de namme De Waadwente. Ek oare soarchhûzen geane as bv fierder. Se folle wol meiïnoar ûnder de soarchgroep Pasana wêrtroch se foardiel ha kinne fan gearwurking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)