Sikehûs De Tjongerschans stiet der finansjeel goed foar

09 okt 2015 - 11:46
  • Lekker ite yn Fryske soarchynstellings

Lytse sikehuzen hawwe it finansjeel dreech. Dochs skoart sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean oer 2014 in 8,5 yn in rapport fan BDO akkountants, dat de begruttings fan alle sikehuzen ûndersocht.

De Tjongerschans stiet lanlik op it 26e plak en is dêrmei it heechste Fryske sikehûs. It MCL stiet op it 37e plak. Mear as 20 prosint fan de sikehuzen hellet net in foldwaande. Neffens BDO hat in grut oantal sikehuzen in lege fermogensbuffer en hawwe se muoite mei it beteljen fan rekkens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)