Sikefûns wurdt djoerder

02 des 2004 - 10:20

Klanten fan it sikefûns fan soarchfersekerder De Friesland betelje takom jier sawat 5 euro yn de moanne mear. Dat hat te krijen mei in taname fan de nominale preemje mei sawat 20 persint. By oare sikefûnsen binne pasjinten lykwols noch djoerder út.

Yn de nije sikefûnspreemje sit wol de no-claimpreemje fan hast 300 euro yn it jier ferrekkene. Minsken dy't gjin berop dogge op in dokter, kinne mei dit nije systeem jild weromkrije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)