Sike seehûnen yn Pieterburen

10 aug 2010 - 16:12

By de seehûnekresj yn Pieterburen binne al wer trije jonge seehûnen binnenbrocht dy't lêst hawwe fan longwjirmen. Twa fan de jonge bisten kamen fan Flylân, in oaren waard fongen yn de Maas by Dordrecht.

Ferline jier waarden meielkoar 400 seehûnen mei longwjirmen behannele. Op't lêst moasten de bisten yn in âlde badkûp dien wurde, omdat der gjin plak mear wie. By de kresj binne se no benaud dat der wer in soad slachtoffers komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)