Sike Jan Smeekens meldt him ôf foar wrâldbeker sprint

08 feb 2015 - 13:33
  • Jan Smeekens

Reedrider Jan Smeekens út Snits hat him ôfmeld foar de twadde dei fan de wrâldbekerwedstriden yn Thialf snein. Smeekens hat lêst fan búkgryp. Hy waard sneon al teloarstellend santjinde op de 500 meter.

Dêrmei is it seizoen foar Smeekens sa goed as klear. Hy wist him nammentlik net te pleatsen foar de WK ôfstannen fan it kommende wykein op It Hearrenfean. Ek slagge er der net yn om in ticket te pakken foar it WK sprint.

Ek Ireen Wüst komt net yn aksje. Wüst kiest foar in dei ekstra rêst yn de oanrin nei it WK ôfstannen nije wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)