Sike beammen kappe yn Harns

29 okt 2010 - 14:57

Op it Algemiene Begraafplak yn Harns binne 13 sike beammen kappe. It giet om sierapelbeammen en hagedoarnen. De beammen wiene oantaaste troch in kombinaasje fan skimmels. By ynspeksje die ôfrûne moanne bliken dat der wat mis wie mei de krunen fan 43 beammen.

De gemeente wie benaud dat de beammen besmet wiene mei it deadlike baktearjefjoer, mar ûndersyk wiisde út dat it om skimmels gie. Troch de 13 beammen daliks fuort te heljen en te snoeien is de skea beheind bleaun.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)