Sike-auto ûnderweis nei Gambia

05 jan 2008 - 10:14

Ut Súdhorn wei is sneon de âld sike-auto fan Skiermûntseach ôfset nei Gambia. De ambulânse is kado jûn oan ien, dy't him al sân jier ynset foar in lytse mienskip yn Gambia. De minsken dêr ha ferlet fan sikeferfier.

De bewenners fan Skiermûntseach hawwe helpguod ynsammele, dat ek nei Afrika brocht wurdt. De reis is 7.000 kilometer lang en duorret 15 of 16 dagen. Njonken de ambulânse giet der ek in truck mei helpguod hinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)