Sijtje van der Lende nei Sina

13 maaie 2008 - 13:29
  • Sijtje van der Lende wurdt bûnscoach fan Sina

Reedrydcoach Sijtje van der Lende wurdt bûnscoach fan Sina. De 58-jierrige Friezinne hat tiisdei in kontrakt foar twa jier tekene. De thúsbasis yn Sina wurdt Changchung. Dêr sil Van der Lende de sprinters en ek de allrounders traine.

Sijtje van der Lende krige yn maart fan dit jier te hearren dat de VPZ-ploech net mei har fierder woe. Fuort dêrnei krige se al it fersyk om bûnscoach oan de oare kant fan de wrâld te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)