Sijperda Verhuur wint Fryske Reklamepriis

21 maaie 2015 - 17:52
  • Priisútrikking fan de Fryske Reklamepriis
  • It spotsje fan Sijperda Verhuur

Sijperda Verhuur hat de Fryske Reklamepriis wûn. Dat is tongersdei bekend makke yn it televyzjeprogramma Bynt. De spot 'Klear' fan Sijperda Verhuur krige 47,7 persint fan de stimmen.
Mei 30,5 persint einige Pake Oeds Moster op it twadde plak en Carglass waard mei 21,9 persint fan de stimmen tredde. It publyk koe de ôfrûne moanne stimme fia ynternet.

De reklamepriis is yn 1993 yn it libben roppen mei as doel it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen te stimulearjen, sawol kwantitatyf as kwalitatyf.

Mei-inoar waarden dit jier 46 reklamespotsjes ynstjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)