Sijbrandij-suskes stunte op PC

22 aug 2012 - 17:02

De favoriten op de frouljus PC binne yn de heale finale útskeakele. Nynke Sijbrandij, Maaike Osinga en Wiljo Sijbrandij wiene yn in spannende partij te sterk foar de suskes Fenna Zeinstra en Leonie van der Graaf dy't mei Harmke Siegersma keatsten. Troch dizze stunt steane de Sijbrandijsusters no yn de finale. Dêryn nimme se it op tsjin Marije Hiemstra, Imke van der Leest en Aukje van Kuiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)