Siikmeitsjende elzen wurde tongersdei lang om let kapt

23 feb 2016 - 12:02
  • De Grutte Kamp yn Aldeholtpea dêr't de elzen stean

De 36 elzen dy't de bewenners fan de Grutte Kamp yn Aldeholtpea siik meitsje, wurde tongersdei kapt. De bewenners slepe de beammen nei de kap sels nei de grutte peaskebult achter de tsjerke.

Der hat in soad te dwaan west oer de kap fan de beammen, om't de gemeente Weststellingwerf earst net meiwurkje woe. Doe't de kapfergunning úteinlik wol kaam, moasten bewenners in grut diel fan de kosten fan 23.000 euro sels betelje. Ut protest hjirtsjin, sil in bewenner fan de Grutte Kamp sels in beam omhelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)