Siikmeitsjende elzebeammen yn Aldeholtpea delhelle

25 feb 2016 - 16:23
  • Aldeholtpeaster kapt ien fan elzebeammen sels mei de bile
  • Piet Nijp fan Aldeholtpea

Yn Aldeholtpea binne tongersdei in sechstich elzebeammen kapt. De úthiemske beammen feroarsaakje al jierren sûnensklachten by de bewenners fan de Grutte Kamp. Hielendal slutend bewiis dêrfoar is der net. Lykwols, de bewenners wolle se dochs fuort hawwe.

De klachten begûnen yn 2008. De bewenners namen twa jier ferlyn kontakt op mei de gemeente. Dy wol wol meibetelje oan de kosten, mar wissichheid oer it folsleine bedrach is der noch net.

Foar it nije oansjoch fan de strjitte is finansjele stipe fan de gemeente wol fan belang. Want der is in oanplantferplichting en nije beammen kostje jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)