Sigaretten stellen út winkel yn Balk

25 apr 2015 - 11:12

Twa manlju hawwe sneontemoarn betiid sigaretten stellen út in winkel oan de Van Swinderenstrjitte yn Balk. De twa brutsen om fiif oere hinne yn troch in rút yn te slaan.

Nei de stellerij binne de fertochten nei alle gedachten útnaaid op in ljochtblauwe scooter. Se binne fuortriden yn de rjochting fan de Wikelerdyk. De plysje hat in sykaksje hâlden, mar de manlju net mear fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)