Sigaretten stellen by supermerk yn Ljouwert

21 apr 2016 - 14:04

By in ynbraak yn in supermerk oan de Van Loonstrjitte yn Ljouwert, is woansdeitenacht in partij sigaretten stellen. Om 02.45 oere gie it ynbraakalaarm ôf. Meiwurkers fan de supermerk wiene binnen oardel minuut nei de melding oanwêzich, mar doe wiene de dieders al útnaaid. Yn dy koarte tiid hawwe se sigaretten meinaam, nei alle gedachten yn in dekbêdhoes.

De plysje siket tsjûgen. De eigener hat yntusken oanjefte dien en de plysje hat in ûndersyk ynsteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)