Sigaret werom yn soad kafees

29 des 2009 - 20:19
  • De jiskebak is werom by in soad kafees

Yn ien op de trije kafees yn Fryslân wurdt wer gewoan smookt, ek al mei dat eins net. Dat is it byld fan de Fryske ôfdieling fan Keninklike Hoareka Nederlân. Sûnt 1 july ferline jier jildt in smookferbod yn de hoareka, mar kafees sûnder personiel stapten mei sukses nei de rjochter.

Sûnt dy tiid wurdt der net mear kontrolearre. Yn doarpskafees soe noch mear smookt wurde, omdat dy konkurrearje moatte mei jongerein-keten dêr't ek smookt wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)