Sifers SC Hearrenfean

25 maaie 2011 - 19:01

SC Hearrenfean hat fan alle earedivyzjeklups it ôfrûne seizoen it minst faak in kaart krigen fan de skiedsrjochter. De Feansters krigen 47 giele en twa reade kaarten. Dat stiet te lêzen yn de statistiken dy't it fuotbalblêd Voetbal International dizze wike publisearret.

Yn it oersjoch stiet fierder dat Bas Dost by de bêste koppers yn de earedivyzje heart en dat Roy Beerens ien fan de bettere penalty-nimmers wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)