Sieuske fiskers op it Waad

04 nov 2008 - 10:14

23 skippen út Seelân binne tiisdei begûn mei de mokselfiskerij op it Waad. Fiske wurdt op lytse moksels, it saneamde mokselsied. Lang like it derop dat de Sieuwen net mear op mokselsied fiskje mochten op it Waad.

Natuerorganisaasjes ha mei súkses oant en mei de Rie fan State beswier makke tsjin de fiskfergunnings. Dêrtroch waard it fuortbestean fan de Sieuske konsumpsjemoksel bedrige, want eltse Sieuske moksel komt út de Waadsee. Se wurde allinnich opkweekt yn Seelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)