Sietske Poepjes plantet 5.000e nije yp

27 mrt 2015 - 11:40
  • Sietske Poepjes plantet 5.000e nije yp

De Stifting Ipewacht Fryslân set freed nei tsien jier in punt achter it projekt 'Herplant Iepen in Fryslân'. Der binne de ôfrûne jierren 5000 nije ipen oanplante. Dat wie nedich, omdat de measte ipen omhelle wiene fanwege de ypsykte. It gie dan om mear as 10.000 beammen.

Deputearre Sytske Poepjes set freed offisjeel in punt achter de aksje, dy't betelle is troch gemeenten, provinsje en it Waadfûns. Sy docht dat troch it plantsjen fan de lêste fan 5000 ipen yn de Ljouwerter Arendstún.

Probleem is lykwols dat de skimmel, dy de ypsykte feroarsaket, noch hieltiid bestiet. De nije ipen binne neffens de saakkundigen sterk genôch om de skimmel te oerlibjen. De beammen wurde wol yn de gaten holden troch de ipewacht, want de sykte is tige besmetlik. As in beam siik is, wurdt dy fuortendaliks ferwidere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)