Sietske H. wol dochs ûndersyk

14 feb 2012 - 18:17

Sietske H. wol dochs meiwurkje oan in psychologysk ûndersyk. De 27-jierrige frou dy't har fjouwer poppen om it libben brocht, hat dat altyd wegere omdat se benaud wie om TBS te krijen. Se wol no foar harsels ek antwurd krije op de fraach wêrom't se it dien hat. It gerjochtshôf hat bepaald dat in gedrachsdeskundige de saak fan Sietske opnij ûndersykje sil. De toskedoktersassistinte wegere ek dêroan meiwurking, mar sil dat no al dwaan. Neffens har advokaat wol Sietske graach holpen wurden en wol se sa gau as mooglik begjinne mei de behanneling.

Troch de rjochtbank waard Sietske H. ta tolve jier sel feroardield. Dy straf wie sa heech, omdat se net meiwurkje woe oan psychologysk ûndersyk en dus gjin TBS oplein krije koe. De frou út Nij Beets is sa benaud foar TBS omdat dat alle kearen ferlingd wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)