Sietske H. net nei Pieter Baan

23 jun 2011 - 14:31
  • Sietske H. yn de rjochtbank

Sietske H. fan Nij Beets hoecht net nei it Pieter Baan Centrum. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert tongersdei bepaald yn in rezjysitting oer de saak. Dêryn trune it hôf der by Sietske H. noch op oan om mei te wurkjen oan in ûndersyk yn it Pieter Baan Centrum. Sietske H. bleau yn de rezjysitting lykwols by har wegering.

De 26-jierrige frou waard earder feroardield ta tolve jier sel foar it ombringen fan har fjouwer poppen. De lykjes bewarre se yn koffers op souder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)