Sietske H.: Ik haatsje mysels

19 apr 2011 - 17:10

Sietske H. hat gebrûk makke fan har rjocht op in lêste wurd. Se sei dat it alderdreechste foar har is dat de bern der net mear binne. Se besiket har wol ris foar te stellen hoe't it wêze soe as de bern der wêze soene.

"Ik haatsje mysels om wat ik dien haw. Ik skamje my djip, ek om it fertriet dat ik myn famylje en de heit fan de bern oandien haw. Ik wol deroan wurkje, myn gefoel better uterje en witte hoe't it safier komme koe." De rjochter docht 3 maaie útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)