Sietske H. ienige fertochte

11 nov 2010 - 12:50

By it deadzjen fan fjouwer poppes troch Sietske H. út Nij Beets hawwe gjin oare minsken belutsen west. Dat hat it Iepenbier Ministearje tongersdei bekend makke. Sietske H. waard ôfrûne simmer oppakt omdat se har fjouwer lytse poppen om it libben brocht hawwe soe en se dêrnei ferstoppe hie yn koffers op 'e solder fan har âlderlik hûs.

It Iepenbier Ministearje fynt ek dat Sietske H. ûndersocht wurde moat yn it Pieter Baan Centrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)