Sietske H. hat harsenôfwiking

27 sep 2012 - 14:25

Sietske H. hat polymicrogyry, in harsenôfwiking. Dat is tongersdei bekend wurden by de behanneling fan de heger beropsaak. Symptoamen fan polymicrogyry binne: net planne kinne, gjin noarmbesef en selsrefleksje hawwe. Sietske is troch ferskate saakkundigen yn in TBS-klinyk ûndersocht. Sietske wol help ha en freget om in TBS- behanneling.

Yn 'e heger beropsaak waard ek bekend dat de fjouwer poppen kremearre binne. De famylje wie der ek by. Sietske H. sei dat it swier mar ek goed wie om ôfskied te nimmen.

De frou út Nij Beets rekke tusken 2003 en 2009 fjouwer kear yn ferwachting en wist dat foar de bûtenwrâld geheim te hâlden. Se befoel alle kearen thús yn har âlderlik hûs yn Nij Beets. De lykjes bewarre se yn koffers op souder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)