Sierk-Jan de Haan wint It Fean

06 maaie 2009 - 21:26
  • De huldiging fan Sierk-Jan de Haan (foto Martin de Jong)

Sierk-Jan de Haan hat woansdeitejûn it earste hurdfytskritearium yn Fryslân mei oermacht wûn. De 27-jierrige Dokkumer kaam yn it rûntsje om it Abe Lenstra stadion earst yn in kopgroep fan achttjin man. Mei noch 25 rûntsjes te gean, naaide er út en dûbele it peloton.

De oare fytsers fan de kopgroep koene de sprong net meitsje en sa krige de oerwinning noch mear glâns. Theo Postma (Sweagerbosk) waard twadde, Folkert de Haan (Grins) tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)