Sierk-Jan de Haan wint Dalen

14 sep 2008 - 17:58
  • Sierk-Jan de Haan

Sierk Jan de Haan fan Dokkum hat snein mei syn ploech De Jonge Renner út Oosterhout it NK foar klubteams yn Dalen wûn. Yn dit NK oer twa dagen wûn Sierk Jan de ôfslutende klassiker. Yn de sprint wie er nei 154 kilometer Job Vissers krekt te fluch ôf.

Syn ploech hie earder op de dei ek al de ploegetiidrit wûn. De hurdfytsers fan de Friesche Leeuw fan Ljouwert waarden kreas tredde. Otto Ebbens fan De Westereen waard achtste en Olympia fan It Hearrenfean 23ste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)