Sierk Jan de Haan wint Annen

13 jun 2007 - 23:04

Sierk Jan de Haan hat woansdeitejûn it kritearium 'de Acht fan Annen' wûn. Healwei de 80 kilometer gong de ynwenner fan Dokkum oan de haal mei Maarten Nijland fan Hengelo. De twa koene út de greep fan it peloton bliuwe.

Yn de einsprint op de klinkers wie Sierk Jan de Haan de rapste. Sierd Steigenga fan Eksmoarre waard tredde. It wie foar Sierk Jan de Haan de earste oerwinning fan it seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)