Siergerskwekerij iepene

23 mrt 2012 - 17:22

De siergerskwekerij fan Empatec yn Berltsum is freedtemiddei offisjeel iepene. De kas is yn totaal 18.000 fjouwerkante meter grut en der wurkje 45 minsken. It giet goed mei de kwekerij. Foar takom jier wurdt der ek in groei ferwachte yn de ferkeap fan it siergers.

De ferhuzing fan de lytsere kas fan Menaam nei de grutte kas yn Berltsum betsjut ek dat der nije kânsen komme foar de meiwurkers. Se kinne sa makliker trochstreame nei in reguliere funksje by ien fan de oare túnboubedriuwen yn de omkriten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)