Sierd Steigenga wint Tolbert

05 jul 2006 - 11:04

Sierd Steigenga fan Eksmoarre hat tiisdeitejûn it kritearium fan Tolbert wûn. It wie de fjirde etappe fan de seisdaagse fan it 'Noordenveld-Westerkwartier'.

Jan Hendrik Westra fan Oerterp waard twadde, Leon van Leusen (Wezep) tredde. Foar Steigenga wie it alwer de alfde oerwinning fan it seizoen. Bert Krans fan De Wylp bliuwt de meardaachselieder yn de giele trui.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)