Sierd Steigenga wint Ronostrân

05 jun 2006 - 13:05

Sierd Steigenga wûn snein de Omloop fan it Ronostrân. Yn dizze fjirde wedstriid fan de klupkompetysje wie de hurdfytser út Eksmoarre nei 173 km de sterkste fan in kopgroep fan fiif man. Ferdi van Katwijk, in ploechmaat fan Steigenga by De Volharding, waard twadde.

Op in kreas tredde plak einige René Hooghiemster fan Oentsjerk. Hooghiemster rydt foar 'De Friesche Leeuw' fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)