Sierd Steigenga bliuwt yn't giel

23 jul 2006 - 16:31

Sierd Steigenga hat freed yn de sechsde etappe fan de Ronde fan Roemenië de giele liederstrui behâlde kinnen. Nei in trije man sterke kopgroep soe de hurdfytser fan Eksmoarre de einsprint fan it peloton winne, doe't in auto fan de organisaasje him ôfsnie en rekke.

Foar de giele trui hie dit maleur gjin gefolgen. Germ v.d. Burg fan Folsgeare waard sechsde yn de etappe en hat de wite trui fan it punteklassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)