Sieraden werom nei eigners

21 aug 2007 - 12:15
  • Plysjefoto fan in part fan it stellen guod

250 stellen sieraden binne de ôfrûne dagen wer weromjûn oan de eigners. De plysje hie meiïnoar sa'n 500 sieraden fûn by twa ynbraakfertochten. De dieven hiene it guod yn juny en july stellen yn Drachten, Snits, Dokkum, Ljouwert en Goutum.

De plysje hat foto's fan de sieraden op ynternet set om se wer weromjaan te kinnen oan de rjochtmjittige eigners. Dat is yntusken al slagge mei de helte fan 'e sieraden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)