Sierademerk OHM Beads presintearret skûtsje-biddeltsje

09 nov 2015 - 16:02

It sierademerk OHM Beads komt mei biddeltsjes fan skûtsjes. It giet om sulveren hingerkes yn in beheinde oplaach. Wolle jo in biddeltsje ha, dan moatte je der fluch by wêze. Der wurde mar 333 makke en dy wurde allegearre nûmere.

It skûtsje-biddeltsje wurdt freed lansearre op in spesjale gearkomste by in juwelier yn Balk. It earste sieraad is foar IFKS-skûtsjeskipper Froukje Osinga-Meijer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)