Sieradedief yn Akkrum oppakt

22 jul 2011 - 10:47

Ynwenners fan Akkrum ha de plysje tongersdei holpen om in 18-jierrige jonge út Meppel oan te hâlden. In tsjûge hie sjoen dat de jonge ynbrutsen hie. Der waard in burgernetaksje opset en meardere plysjes gongen rjochting Akkrum om de jonge te sykjen.

Ferskate Akkrumers koene har fertelle wêr't se de jonge sjoen hiene. Hy koe úteinlik op It Patroan oanhâlden wurde. Doe't se him fûillearren fûnen de plysjes stellen sieraden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)