Sieraaddieven oppakt

18 sep 2010 - 13:19

Twa Roemenen binne freed op It Hearrenfean oanhâlden foar stellerij. Meiwurkers fan in winkel yn it sintrum hiene earder fan 'e wike nei stellerij in sinjalemint fan 'e mooglike dieders oan kollega's trochjûn. Doe wiene der djoere kettings stellen.

Doe't freed twa manlju dy't oan it sinjalemint foldiene in winkel oan 'e Vleesmarkt ynkamen, waard de plysje warskôge. Bliken die dat se ek yn 'e winkel oan 'e Vleesmarkt fjouwer kettings stellen hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)