Sieraaddief oppakt

04 mrt 2014 - 10:46
  • (fotofoarbyld)

In frou fan 30 jier út Amersfoort is oanhâlden foar stellerij fan sieraden yn ûnder oare Balk, De Lemmer en Sint Nyk. De plysje pakte har yn Oldebroek yn de provinsje Gelderlân oan 'e hân fan kamerabylden.

Tusken april en novimber ferline jier bestiel de frou ferskate bewenners fan âldereintehuzen. Se kaam der faak mei in freonlik praatsje yn, en wist dan earmbannen en kettings los te krijen. De frou hat de stellerij bekend. Fan de stellen sieraden is neat weromfûn.

De frou makke twa slachtoffers yn Doniahiem yn Sint Nyk. Lokaasjemanager Dick Hoekstra fertelt dat der in 'lyts gejuich' opgie, doe't er it nijs fan de oanhâlding fertelde oan de bewenners. De ympakt fan de stellerij wie doetiids grut ûnder bewenners en meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)