Siep Banga útroppen ta frijwilliger fan it jier 2015

28 jan 2016 - 22:10
  • Gemeente Dongeradiel

Siep Banga is tongersdeitejûn útroppen ta frijwilliger fan it jier 2015 yn Dongeradiel. Wethâlder Pytsje de Graaf sette Banga dêrom yn it sintsje. In buorfrou droech Banga foar de titel foar, om't se altiten foar harren soarget.

Dêrnjonken is Banga ek noch mantelsoarger en aktyf by de buertferiening. De ferkiezing 'Frijwilliger fan it Jier' is in inisjatyf fan de gemeenteried fan Dongeradiel. In ûnôfhinklike sjuery kiest de winner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)