Siemens iepenet festiging wynparkûnderhâld op 'e Lemmer

16 feb 2015 - 14:08

Siemens kiest foar De Lemmer as thúsbasis foar it ûnderhâld fan wynpark Westermeerwind. Fan maart ôf hiert it bedriuw in gebou yn de Industriehaven. Dêr wurde in kantoar en in opslachromte foar ûnderdielen yn ûnderbrocht. Dêrneist komt der in ûnderhâldsboat yn de haven te lizzen. Op 'e Lemmer komme tweintich minsken te wurkjen. In grut part fan de meiwurkers komt út de regio.

Siemens docht de kommende fyftjin jier it ûnderhâld fan Westermeerwind. It park mei 48 wynmûnen komt by de dyk del tusken de Noardeastpolder en de Iselmar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)