Siebo Zijsling wint op 'e Lemmer

14 aug 2004 - 13:39

It IFKS-skûtsjesilen freed by De Lemmer is wûn troch Siebo Zijsling mei de Striidber. Twadde waard Jacob Huisman mei Ut de Striid en tredde Henk Regts mei de Ut en Thús. De nûmer ien fan it klassemint Jeroen de Vos waard fjirde.

Jeroen de Vos hat no 14,8 punten en hat foar it earste plak allinnich noch konkurrinsje fan Siebo Zijsling mei 18,9 punten. Jannie Riemersma liket hast wis fan degradaasje. Sneon falt de beslissing, ek op 'e Lemmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)