Sieb Meijer wint by Starum

15 aug 2011 - 16:59

Sieb Meijer mei it skûtsje De Jonge Jasper fan Frjentsjer hat moandei it IFKS-skûtsjesilen op 'e Iselmar by Starum wûn. Nei it ûngelok gie it om twa groepen. Mar foar de lêste tonne wie dúdlik dat de Jonge Jasper winne soe. Trije skûtsjes foelen út troch averij. Twa skûtsjes kamen mei-inoar yn botsing. Dêr foelen twa ferwûnen by.

Yn it klassemint stiet Siebo Zijsling mei de Striidber earst, twads stiet Sieb Meijer en treds Siete Meeter mei Sûn en Wol út Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)