Siderius ûntslein by Aris

25 mrt 2005 - 17:28

Basketballer Evert Jan Siderius (34) is op steande foet ûntslein by it Ljouwerter Aris. Neffens wurdfierder Gert Schurer hat Siderius de feriening en it bestjoer yn diskredyt brocht.

Wat der krekt bard is, wol Schurer net sizze. It soe gean om útspraken fan de spiler dy't der net op troch koene. Neffens Siderius is Aris achter mei beteljen en dêr ha Schurer en hy wurden oer krigen. Siderius hâldt no ek fuortendaliks op fan basketbaljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)