Sicht op kust fêstlein op doek

20 jul 2010 - 20:57

Tsien keunstners skilderje it sicht op de Nederlânske kust fan in skip ôf op see. Dizze simmer lizze se de kust fan Grinslân fêst, takom jier is Fryslân oan bar.

It inisjatyf fan Galery XXL Art út Amsterdam is ûntstien nei oanlieding fan de plande dykferheging om de stigende wetterspegel foar te bliuwen. Soks hat gefolgen foar it byld fan see ôf en foardat it te let is, wurdt de kust fan no fêstlein op doeken fan 50 by 250 sintimeter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)