Sibrandahûs krijt rappe ynternetferbining

19 feb 2015 - 16:56

Sibrandahûs krijt glêsfezel. It buertskip krijt dêrmei ien fan de rapste ynternetferbiningen fan ús provinsje. Tongersdei is it offisjele startsein jûn foar de oanlis fan de ferbining. Kabel Noord leit de ferbining oan mei help fan de provinsje. Dy betellet mei oan de ferbining om't it oars net út kin om it glêsfezel oan te lizzen.

Kabel Noord wol mei help fan de provinsje eins alle bûtengebieten fan Noardeast-Fryslân oanslute op glêsfezel. Derfoar moat wol opnij subsydzje oanfrege wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)