Sibon slút trochgean net út

28 nov 2011 - 15:52

Hearrenfeanspiler Gerald Sibon slút net út dat hy noch in jier trochgiet mei fuotbaljen. Dat seit Sibon yn in lang ynterview yn Boppeslach. De no 37-jierrige spits rint staazje by de C-junioaren fan SC Hearrenfean. Sibon wit net oft hy fierder wol as trainer, mar hy wol it no wol besykje.

Ferline jier, doe't Sibon yn Australië fuotballe, joech Sibon al oan dat hy der mei ophâlde soe nei dat jier. Dochs is hy dit seizoen begûn oan noch in jier by Sportklup Hearrenfean. "Zoals de afgelopen maand, als ik buiten de selectie zit, dat hoeft van mij niet meer. Dan heb ik er geen plezier in. Maar ik denk dat ik nog van waarde kan zijn voor dit team."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)