Sibon krijt noch konkurrinsje

06 maaie 2008 - 22:41
  • Sibon krijt noch konkurrinsje (foto: Martin de Jong)

Hearrenfeanspiler Gerald_Sibon krijt miskien wol konkurrinsje fan PSV-spits Danny_Koevermans as it giet om de seleksje fan it Olympyske alvetal. Dat seit bûnscoach Foppe_de_Haan.

Sibon is lykas Makaay, Braafheid en Wielaert in dispensaasjespiler. Koevermans is lykwols opnaam yn de earste EK-seleksje. Mar as er ôffalt, dan stiet Koevermans ek op Foppe_de_Haan syn list. Neffens De_Haan is alles noch lang net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)