Sibon hast wis fan Peking

15 maaie 2008 - 17:14
  • Sibon giet sa goed as wis mei nei Sina (foto: Martin de Jong)

Hearrenfean-oanfaller Gerald Sibon giet sa goed as wis mei nei de Olympyske Spelen yn Peking. Bûnskoach Foppe de Haan liet tongersdei witte dat hy njonken Sibon, Robbie Wielaert en Roy Makaay meinimme wol nei Sina. Edson Braafheid is dêrtroch yn earste ynstânsje ôffallen.

De Haan tinkt dat Sibon en Makaay tegearre in moai oanfalsduo foarmje kinne. Yn totaal meie der trije dispensaasjespilers meidwaan by de Olympyske seleksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)