Sibon giet 'down under'

21 maaie 2010 - 10:00
  • Gerald Sibon makke dit seizoen tsien goals foar Hearrenfean (foto: Martin de Jong)

Gerald Sibon stiet foar in nij fuotbalavontoer yn Australië. De 36-jierrige oanfaller spilet takommend seizoen by Melbourne Heart, de klup fan 'e Nederlânske trainer John van 't Schip.

Sibon skoarde dit seizoen tsien doelpunten foar SC Hearrenfean, mar krige gjin nij kontrakt oanbean. De rûtinier hie earder al oanjûn graach nochris yn Australíë te fuotbaljen. De Australyske kompetysje set op 5 augustus útein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)