Sibon foar 4 wedstriden skorst

16 apr 2003 - 00:00

Fuotballer Gerald Sibon mei de kommende trije kompetysjewedstriden net mei syn klup Hearrenfean meidwaan. De Kommisje Berop Betelle Fuotbal hat Sibon foar fjouwer wedstriden skorst. Dêr hat er yntusken ien fan útsitten.

Sibon krige de straf fanwege in earmtakke yn it gesicht fan Gérard de Nooijer. Hy gie yn berop tsjin in earste straf fan fjouwer wedstriden skorsing wêrfan ien op betingst. Dat pakt no dus ûnfoardielich foar him út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)