Sibon en Roorda blesseard

20 apr 2012 - 12:31

Hearrenfean kin sneon yn de wedstriid tsjin Vitesse net beskikke oer Gerald Sibon en Geert Arend Roorda. Sibon hat lêst fan in stramme heup en krijt rêst sadat hy de lêste trije wedstriden wol ynsetber is. Dat is noch mar de fraach as it om Roorda giet. Hy hat in hamstringblessuere. Doke Schmidt wie ferline wike noch oan de skiterij, mar hy is no wer fit en spilet op it plak fan de noch blessearde Janmaat. Vandenbussche is noch skorst, dêrtroch stiet Nordfeldt wer op de goal. Kenny Steppe sit foar it earst sûnt wiken wer ris op de bank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)