Sibon bliuwt by SC Hearrenfean

12 feb 2009 - 14:04
  • Gerald Sibon (foto: Martin de Jong)

Gerald Sibon bliuwt noch in jier by SC Hearrenfean. De 34-jierrige spits is it mei de kluplieding iens wurden oer in nij, ienjierrich kontrakt. De oerienkomst dy't hy no hat rint nei dit seizoen ôf.

Sibon kaam yn de simmer fan 2007 werom by Hearrenfean nei avontoeren by FC Nürnberg yn Dútslân en by PSV. Dêrfoar spile hy fan 2002 oant 2004 ek al foar Hearrenfean. Mei-inoar makke hy foar de klup 34 goals yn 90 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)